PVV-er Aardema wer yn opspraak

Aardema op it stimburo
De plysje ûndersiket in optreden fan PVV-listlûker Max Aardema. Hy soe as plysjeman net profesjoneel hannele ha tsjinoer in boarger. Wat er krekt dien hat, wol de plysje net sizze. Wol wit de plysje te melden dat it net om in strafber feit giet en dat Aardema net skorst wurdt.
De PVV-foarman kaam earder yn opspraak. Ein jannewaris waard bekend dat er yn 2001 in arrestant slein hie wylst dy man boeid wie. Aardema is noch net berikber foar kommentaar.