Dútske priis foar Cyell

02 mrt 2011 - 14:15

Cyell hat yn Dútslân in wichtige priis wûn. Op in galajûn yn München krige it bedriuw út Alde Leie, dat him foaral rjochtet op it meitsjen fan swim- en nachtklean, de 'Sterne der Wäsche' priis. De priis wurdt benammen útrikt oan bedriuwen dy't kwaliteiten sjen litte op it mêd fan ynset en profesjonaliteit. Cyell is grutsk op de priis, foaral om't Dútslân oer it algemien in krityske merk hat. De priis is foar swimklean foar in jongere doelgroep.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)