Stellen gitaar werom

02 mrt 2011 - 14:04

Ien fan de trije gitaren dy't begjin febrewaris stellen wie, is werom. It giet om in bysûndere Gibson Menace dy't út in berging oan de Vuurvlinderstrjitte op It Hearrenfean meinaam wie. Dêr binne mar in pear fan.

In tsjûge naam kontakt op mei de eigner nei't er de gitaar by in man yn hûs sjoen hie. De gitaar wie skansearre, mar is no wer makke. De plysje siket noch nei de twa oare gitaren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)