Oanjefte tsjin PVV

02 mrt 2011 - 12:52

De Ljouwerter ûndernimmer Jeroen Korthuis hat woansdei oanjefte by de plysje dien tsjin de PVV. Hy seit dat de partij syn domeinnamme www.pvvfryslan.nl stellen hat.

De Ljouwerter, dy't jierren as frijwilliger aktyf wie foar de politike partij fan Wilders, wie eigner fan de domeinnamme. By de ferhuzing fan de namme nei in oare provider hat er -sûnder it te witten- ek de kontrôle ôfstien. Korthuis wol de domeinnamme werom ha fan de PVV.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)