Stipe foar opfang Fier Fryslân

02 mrt 2011 - 11:56

It opfangtehûs Asja fan Fier Fyslân kin foarearst trochgean mei de opfang en behanneling fan slachtoffers fan loverboys. Steatssiktaris Teeven fan feilichheid en justysje en steatssiktaris Veldhuijzen van Zanten fan folkssûnens wolle de stipe mei noch oardel jier ferlingje.

De takomst fan Asja wie faai wurden om't de spesjale subsydzjeregeling fan it ministearje fan justysje foar dit soarte opfangsintra op 1 july ôfrint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)