Partijen Polderhoofdkanaal prate wer

Der liket in oplossing te kommen foar it Polderhoofdkanaal. Mei help fan in mediator is it slagge om alle partijen om de tafel te krijen. De iene wol it kanaal tagonglik meitsje foar toeristen en boatsjes en de oare wol it kanaal ticht hâlde, fanwege behâld fan de natuer.
De ried nimt yn juny in definityf beslút oer de takomst fan it kanaal. Wethâlder Jonkman fan de gemeente wol it kanaal graach iepen meitsje. Neffens him is de kjeld fan 'e loft.