Yllegale dump autobannen

02 mrt 2011 - 09:52

Op in parkearplak oan de Tuskenmarren by Rinsumageast is yllegaal in partij autobannen stoart. De plysje hie der in melding oer krigen en fûn sa'n 60 bannen fan foaral lânboumasines en frachtauto's.

De bannen binne der nei alle gedachten yn de nacht fan 24 op 25 febrewaris brocht. De plysje freget minsken dy't wat sjoen ha, oft se har melde wolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)