Lenie 't Hart docht stap tebek

Lenie 't Hart docht in stap tebek by de seehûnekresj yn Pieterburen. Se wurdt dit jier 70 en sil yn septimber wat minder dwaan op it mêd fan management. 't Hart bliuwt ambassadrise foar de kresj, ek sil se noch frijwilligerswurk dwaan.
Lenie 't Hart fynt it spitich dat it opfangwurk foar seehûnen nei al dy tiid noch hieltyd nedich is. Jierliks wurde der sa'n twahûndert gûlers by de kresj binnenbrocht.