Ferlies Aris yn Weert

02 mrt 2011 - 09:20

De basketballers fan De Friesland Aris ha de útwedstriid tsjin Weert mei 90-78 ferlern. De Ljouwerters moasten daliks yn de achterfolging nei in goed begjin fan de thúsploech. Healwei stie it 41-33.

Under oanfiering fan Todd Brown en Calvin Chitwood besocht Aris it noch wol, mar in tal trijepunters fan Weert joech de trochslach. Weert stiet no op twa punten fan Aris, Bergen op Zoom kin tongersdei de Ljouwerters ynhelje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)