PVV bûtenspul yn debat

01 mrt 2011 - 23:21

Gjin fan de partijen yn de Fryske polityk sjocht gearwurking mei de PVV yn it provinsjaal bestjoer sitten. CDA, PvdA, FNP, ChristenUnie, VVD en Grienlinks slute in kolleezje mei PVV út. Dat waard dúdlik by it lêste listlûkersdebat.

It wie foar it earst dat PVV-listlûker Max Aardema meidie oan in debat. Hy waard hurd oanfallen op beloften dy't er neffens de oare partijen noait wiermeitsje kin, sa as sluting fan de REC en tastean fan aaisykjen foar elk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)