Epke sportman fan it jier

01 mrt 2011 - 21:36

Turner Epke Zonderland is op it Sportgala op It Hearrenfean keazen ta Frysk sportman fan it jier 2010. Sportfrou waard reedrydster Ireen Wüst.

Ta Frysk sporttalint fan it ôfrûne jier waard karter Nyck de Vries fan Twellingea beneamd. Bêste Fryske sporter waard fierljepper Bart Helmholt en de priis foar de bêste sportploech gong nei de BAM reedrydploech. De oeuvrepriis wie foar keatster Afke Hijlkema.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)