Brânalarm om fjoerkoer

(foto Anton Kappers)
Flammen op it dak fan it Ljouwerter Amicitiagebou soargen tiisdeitejûn foar betizing yn de stêd. De brânwacht rukte út nei meldingen dat de flammen út it dak fan it hege gebou sloegen. It gie lykwols om in fikje yn in fjoerkoer, dêr't grutte flammen en reek by frijkamen.
Dy wie dêr oanstutsen foar in feestje op it dak foar keapers fan apparteminten yn it krekt renovearre kompleks. Amicitia stiet op de hoeke fan de Wurdumerdyk by it Beursplein.