Ynternetbedriuw nei Amersfoort

01 mrt 2011 - 19:01

Ynternetbedriuw Speak út Surhústerfean iepenet in twadde festiging yn Amersfoort. It bedriuw krijt hieltiid mear klandyzje yn de rest fan it lân en hat dêrom in nije lokaasje nedich.

Speak makket websides, digitale ynformaasjeskermen en applikaasjes foar mobile tillefoans foar ûnder mear Omrop Fryslân. Yn Amersfoort lûkt Speak yn by it bedriuw Seven Steps, dêr't it mei gearwurket. De 24 meiwurkers yn Surhústerfean bliuwe dêr gewoan wurkjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)