Gjin Keninginnemerk yn Damwâld

01 mrt 2011 - 16:24
Foto: Omrop Fryslân

Der wurdt op Keninginnedei gjin grutte frijmerk hâlden yn it sintrum fan Damwâld. Organisator Tine Dijk fan it Eethuisje yn Damwâld doar it fanwege hieltyd strangere feiligenseasken en mooglike oanspraaklikheid by ynsidinten net langer oan de merk te organisearjen.

De Keninginnemerk yn it doarp bestiet al hast sûnt fjirtich jier. Der komme altyd in soad minsken út it Damwâld en omkriten.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)