Feroarings camping Langelille

© Omrop Fryslân
Camping De Driesprong yn Langelille wol de steancaravans ferfange troch 31 rekreaasjehúskes. It terrein moat ek opnij ynrjochte wurde. Der moat in jachthaven en in ferhierbedriuw fan motorjachten komme. Doel is it bedriuw better yn it lânskip yn te passen. Dêrfoar moat de wâlskant fan de Tsjonger natoerfreonliker makke wurde.
De gemeente Weststellingwerf is posityf, mar wol dat it plan arzjitektoanysk en lânskiplik ferbettere wurde moat.