Eiffeltoer op ynternet te keap

01 mrt 2011 - 14:49

De 15 meter hege Eiffeltoer by Auto Bijma yn Drachten stiet te keap op de ynternetsite www.marktplaats.nl. De toer wie mear as tweintich jier in echte blikfanger foar it bedriuw. Mar de âld-Citroëndealer sil tenei ek Dútske auto's ferkeapje. Dêrom past de aluminium toer net langer by it bedriuw, no't der Frânske en Dútske auto's komme.

It spyt eigner Geert Bijma wol dat er de toer ferkeapje moat, mar it kin net oars, seit er.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)