Pascal G ûntkent ferkrêfting

01 mrt 2011 - 14:21

Pascal Gelen ûntkent op de website www.nu.nl dat er de dochter (11) fan syn eks-freondinne ferkrêfte en swier makke hat. Neffens him is it in wraakaksje fan syn âld-freondinne.

Gelen wurdt socht troch de Fryske plysje foar it misdriuw en foar oplichting. Hy seit meiwurkje te wollen oan in dna-test, mar allinne as er syn hjoeddeiske adres yn Tailân net bekend hoecht te meitsjen. Hy wol net dat syn Taiske frou en bern derby belutsen wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)