Fúzje lokale omroppen faai

01 mrt 2011 - 12:03

Radio Markant, de lokale omrop foar de eardere gemeenten Wymbritseradiel en Snits, praat net mear mei de beide oare omroppen yn Súdwest-Fryslân oer in fúzje. It giet om A7 FM, de omrop foar Boalsert en Wûnseradiel en RTN, de omrop foar Nijefurd. Radio Markant hat gjin betrouwen mear yn de bestjoerders fan de twa oaren. It is dan net ferantwurde om troch te gean mei de fúzje. Neffens Markant bestiet der in ferskil fan miening oer it bestjoeren fan in lokale omrop.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)