'Lit Fryslân Ofslútdyk bepale'

01 mrt 2011 - 11:49

Fryslân moat de rezjy krije oer de fernijing fan de Ofslútdyk. Dat sei kommissaris John Jorritsma tiisdei by de iepening fan it ferboude haadkantoar fan Rykswettersteat en de Dienst Landelijk Gebied regio Noard. De Ofslútdyk moat foar de feiligens ferhege wurde en der binne plannen foar it opwekken fan enerzjy.

Steatssekretaris Atsma wie ek by de iepening. Hy liet witte dat dy rezjy yn Fryslân net mooglik is fanwege it nasjonale feiligensbelang.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)