Manlju bekenne mishanneling

De plysje hat tsjin seis manlju tusken de 18 en 20 jier proses-ferbaal opmakke foar de mishanneling fan in 16-jierrige jonge út Ljouwert. De manlju komme út Bitgum, Bitgummole en Ingelum.
It slachtoffer waard ôfrûne freed by in snackbar yn Berltsum samar slein. Dy jûns hâlde de plysje al in 16-jierrige fertochte oan. Fan 't wykein waarden de oare fiif oppakt. De seis hawwe harren oandiel yn 'e mishanneling fan de Ljouwerter bekend.