Keallen troch de flier sakke

01 mrt 2011 - 10:37

By in pleats oan de Stjelpdyk yn Winsum binne tiisdeitemoarn fjirtich keallen yn de jarrekelder telâne kaam. De flier fan de stâl sakke troch noch ûnbekende oarsaak yn. De keallen kamen yn de jarre-opfangromte ûnder de flier telâne.

De brânwacht hat de bisten derút helle. In diel fan de jarre moast út de kelder weihelle wurde. Fjouwer keallen moasten troch de bistedokter behannele wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)