Jild foar alkoholfrije keten

Legale keet yn Eanjum (foto: Omrop Fryslân)
Legale jeugdhonken yn Dongeradiel dêr't gjin alkohol skonken wurdt, krije fan de gemeente 2000 euro ekstra subsydzje. De gemeente wol sa it alkoholgebrûk beheine. Dat stiet yn it evaluaasjerapport oer it keetbelied. De gemeente lûkt 8000 euro út foar de anty-dranksubsydzje oan keten.
Dongeradiel tinkt dat dit jier foar alle yllegale jeugdhonken in legaal alternatyf yn it plak komt. De gemeente giet troch mei fuortheljen fan yllegale keten.