Wifi tenei yn de bus

28 feb 2011 - 23:24

Alle bussen yn it Fryske iepenbier ferfier krije mooglik yn de takomst wifi en in stopkontakt. De provinsje ûndersiket oft dat fêstlein wurde kin yn de nije konsesjes. Dat is tasein op in byienkomst mei it jongereinplatfoarm iepenbier ferfier. Dat platfoarm is frege mei te tinken hoe jongeren te belûken by it ferfier.

Rûchwei de helte fan it tal reizgers yn de bus of trein giet nei skoalle. Op in webside kin de jongerein tenei meiprate oer it iepenbier ferfier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)