Reboelje om De Slykwurker

28 feb 2011 - 16:00

De nije entree by de seedyk by Swarte Haan soarget foar reboelje. De entree bestiet út twa grutte basaltkubussen en heart by it tinkmonumint foar Anita Andriesen, twa banken op de seedyk. Mar dy kubussen soargje derfoar dat it byld De Slykwurker fan keunstner Frans Ram hast net mear te sjen is.

De keunstner is 'not amused' en wol dat de kubussen ferpleatst wurde. De gemeente It Bilt lit witte skrokken te wêzen fan de konsternaasje en sil besjen wat de mooglikheden binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)