Soad fûgels yn Soestpolder

It ûnder wetter setten fan de Soestpolder by Burgum is neffens Steatsboskbehear goed útpakt. Der sitte al hûnderten einen, swannen, strânljippen en skriezen. In part fan de polder is ferline wike ûnder wetter set.
De polder is ynrjochte om by in hege wetterstân tsjinst te dwaan as oerrin foar it Prinses Margrietkanaal. Derneist is it de bedoeling om mear fûgels te lokjen.