Himpkwekerij yn Drachten

28 feb 2011 - 14:01

Yn in wenning oan de Sint Jansberg yn Drachten hat de plysje snein in himpkwekerij ûntmantele. Yn de wenning troffen de plysjes in kwekerij mei 25 plantsjes en tritich droege stekjes. De plysje kaam de kwekerij op it spoar omdat se yn de wenning op syk wiene nei in mooglike fertochte.

Doe't de bewenner de plysjes tastimming joech om yn de wenning nei de fertochte te sykjen, stroffen se de himpkwekerij oan. Tsjin de 25-jierrige bewenner is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)