Nepwapen yn beslach naam

28 feb 2011 - 10:05

De plysje hat sneintenacht yn in hús oan it Fregat yn Frjentsjer in nepwapen yn beslach nommen. De plysjes wiene by de 60-jierrige bewenner foar in opdracht en seagen dêrby it wapen yn de keuken hingjen.

It giet om in imitaasje-revolver dy't net fan echt te ûnderskieden is. Dêrmei is it wapen geskikt foar bedriging en dat is ferbean. It wapen is yn beslach nommen en tsjin de eigner is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)