Man dea by bedriuwsûngefal

28 feb 2011 - 09:52

De man dy't moandeitemoarn om it libben kaam by in bedriuwsûngefal yn Rotsterhaule, is in 20-jierrige man út Zutphen. Hy wie op it terrein fan koekefabryk Modderman oan it wurk yn in tsien meter hege silo. De man is gjin meiwurker fan Modderman, mar wie op it terrein oan it wurk.

It is noch ûndúdlik hoe't de man om it libben kaam is. De arbeidsynspeksje docht ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)