FVC spilet mar fiif minuten

De wedstriid FVC-Rigtersbleek duorre sneintemiddei mar fiif minuten. Doe sei skiedsrjochter Mulder út Deventer: "We hâlde der mei op." Troch de snie op sportpark Wiarda wiene de linen net mear te sjen en plakte de snie oan bal en fuotbalskuon.
Foar Rigtersbleek in sneue saak, want de ploech út Enschede wie op 6 febrewaris ek al yn Ljouwert om tsjin FVC te spyljen. Doe waaide de bal fan it fjild ek waard der ek net spile.