Surhúster fernielt autobannen

27 feb 2011 - 15:16

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein in Surhúster oanhâlden foar it fernielen fan autobannen. De man wurdt der fan fertocht dat er de bannen fan tweintich auto's lek stutsen hat.

Tsjûgen seagen dat de man hjirmei oan de gong wie op de Lustenburch yn syn wenplak en bellen de plysje. Op oanwizings fan tsjûgen waard de man oanhâlden. De man is oerbrocht nei it plysjeburo en ynsletten. De plysje is noch op syk nei mear tsjûgen. Dy kinne harren melde op 0900-8844.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)