Lulke drankrider oanhâlden

27 feb 2011 - 14:44

Yn Warfstermûne hat de plysje sneontenacht in agressive drankrider út dat doarp oanhâlden. De man wie mei de auto yn 'e sleat bedarre en besocht oanslutend rinnend út te naaien. De man waard troch de plysje oantroffen mei lichte ferwûnings oan it gesicht.

De man wegere lykwols om mei te wurkjen oan in azemtest. Omdat hy lulk waard en de plysje misledige waard er meinommen nei it plysjeburo. Underweis dêrhinne fernielde de man it ynterieur fan 'e plysje-auto.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)