Dronken Ljouwerter oanhâlden
De plysje hat sneintemoarn betiid by Haskerdiken it rydbewiis fan in 33-jierrige Ljouwerter ynfoardere. De man wie ûnder ynfloed fan alkohol fan rykswei A32 ôfriden.
De plysje naam de man mei nei it buro foar azemanalyze. Njonken it ynfoarderjen fan it rydbewiis waard proses-ferbaal tsjin de man opmakke. Hy krige ek in rydferbod fan 7 oeren.