Dealer oanhâlden op 'e Jouwer

27 feb 2011 - 13:40

De plysje hat sneontenacht yn in hoarekasaak oan de Midstrjitte op 'e Jouwer in 18-jierrige Jouster oanhâlden op fertinking fan it suteljen fan XTC-pillen. De man hie yn de saak in famke pillen oanbean, wêrnei't sy de portier warskôge. De portier hâlde de jonge oan en helle de plysje derby.

De plysje fûn trije pillen yn de klean fan de Jouster en naam him mei nei it plysjeburo foar fierder ûndersyk. De drugs waard yn beslach nommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)