Jonge punkrockband yn MIX

27 feb 2011 - 13:21

Yn Wolvegea wie sneontejûn it earste konsert fan de 'vloertoer' yn jongereinsintrum MIX yn Wolvegea. It doel fan de 'vloertour' is om jild te fertsjinjen foar in nije flier yn MIX.

Oan it earste konsert waard meidien troch de regionale bands The Buttocks, Riot Van, The Bastards en Between Oceans. The Buttocks is mei in trochsneed leeftiid fan 11,5 jier de jongste punkrockband fan Nederlân. Se binne ynspirearre troch the Clash en the Ramones en dwaande mei eigen nûmers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)