Wieteke Cramer wint de lêste

26 feb 2011 - 21:36

Wieteke Cramer hat de lêste maraton fan it seizoen wûn. De Lemster wie op it iis fan Thialf yn de einsprint âld-Haulster Elma de Vries en Andrea Sikkema fan Aldeberkeap de baas. Foar Cramer, yn 2006 Nederlânsk kampioen allround, wie it de earste winst yn de KPN Maraton Cup. Earder dit seizoen wûn se op natoeriis yn Haaksbergen.

Carla Zielman fan Rottum waard sechsde, mar wie al wis fan de winst oer 18 wedstriden. Zielman, Nederlânsk kampioen op keunstiis, wûn der seis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)