Lotte van Beek tredde op WK

26 feb 2011 - 21:01

Lotte van Beek is har wrâldtitel by de junioaren kwyt. De reedrydster fan It Hearrenfean kaam yn Seinäjoki net fierder as it tredde plak. De titel gong mei oermacht nei de Tsjechise Karolina Erbanová. Pien Keulstra út Boekelo, noch B-junioare, waard twadde.

Lotte van Beek waard op de twadde dei fjirde op de 1000 meter en fiifde op de 3000 meter. It is foar it earst sûnt 2007 dat de wrâldkampioene net út Nederlân komt

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)