Dobbelstien út tredde ieu

26 feb 2011 - 17:25

By de jierlikse taksaasjedei fan it archeologysk IIstidemuseum yn Bûtenpost is sneon in dobbelstien út de tredde ieu nei Kristus ûntdutsen. In moaie opstekker, mar yntusken wurdt it museum wol mei sluting bedrige.

Mei 18.000 besikers yn it seizoen hat it IIstidemuseum oars syn besteanrjocht wol bewiisd. Benammen de jierlikse taksaasjedei is in sukses. Boppedat komme krekt hjirby faak hiel bysûndere fynsten fan regionale amateurarcheologen foar it ljocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)