Jopie Huisman-museum 25 jier

It Jopie Huisman museum yn Warkum fiert syn 25-jierrich bestean. Sneon is úteinset mei de jubileumaktiviteiten, in útstalling oer it Fryske lânskip. It begûn allegear yn 1986. Sûnt dy tiid is it Jopie Huisman museum ien fan de meast besochte musea yn it noarden. Yn 25 jier tiid hawwe mear as 2 miljoen besikers yn it museum west.
Foar de takomst is der optimisme, mar om mear jild binnen te heljen wurdt wol de help ynroppen fan ûndernimmers.