ONS oansluting mei kop kwyt

© Omrop Fryslân
ONS Snits liket defintiyf ôf te heakjen yn de striid om de earste plakken yn de sneonshaadklasse C. De Snitsers ferlearen mei 2-1 by HZVV. Yn de blessueretiid makke Van Marle noch de 2-1.
Ek Drachtster Boys koe yn Drenthe net winne. Yn Assen wie ACV de bettere. Joël Wagenaar brocht de Drachtster Boys noch wol op foarsprong, mar ACV wûn úteinlik mei 3-1. ONS Snits is no fyfde, Drachtster Boys is ien plak sakke en stiet dield tsiende.