Oerol oan tafel yn Amsterdam

It Oerol Festival hâldt op 16 maart in saneamde fund raising yn Amsterdam. Donateurs kinne mei organisator Joop Mulder oanskowe oan in 120 meter lange tafel op it Westergasterrein. Under it iten binne der optredens fan Wende Snijders, Ellen ten Damme en Nynke Laverman.
Oerol siket nei in fêstere foarm fan finansiering. Minsken kinne sponsor wurde fan it saneamde Atelier Oerol, de wurkpleats foar nij teatertalint.