Partijen rûnom op kampanje

26 feb 2011 - 15:31

It wie sneon ien fan de lêste dagen dat de partijen op kampanje koene foar de steateferkiezings woansdei. Dêr waard rûnom yn de provinsje gebrûk fan makke. Yn Dokkum bygelyks frege it CDA omtinken foar de Sintrale As en yn Snits wie de PvdA dwaande om mei croissantsjes omtinken te freegjen foar it belang fan de ferkiezings.

Op 'e Westereen fochten FNP en PVV hast letterlik om de stimmen. De partijen hawwe noch goed fjouwer dagen om safolle mooglik stimmen te lûken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)