Ynbrekker Ljouwert trappearre
In 24-jierrige Ljouwerter is freedtenacht op 'e died betrape doe't er yn de Bearda Bakkerstrjitte ynbrekke woe. Tsjûgen seagen dat de man dwaande wie in doar iepen te brekken. doe't dat net slagge, woe de man túnmeubilêr meinimme.
Om't de tsjûgen in goed sinjalemint oan de plysje jûn hiene, koe dy de man oanhâlde.