Yndoar-toulûken yn Koudum
Koudum stiet sneon yn it teken fan in ynternasjonale yndoar toulûkwedstryd, dy't organisearre is troch de Toulûkferiening It Heidenskip. It is in jubileumwedstryd, want de feriening bestiet 25 jier. Der dogge tritich teams oan mei wêrûnder ien út Ingelân, ien út Baskelân en seis út Fryslân.
It giet om in sterk fjild, want de Basken binne wrâldkampioen en It Heidenskip hat ek al in pear kear wrâldkampioen west.