Plysjeman op fyts oanriden

26 feb 2011 - 12:01

In 32-jierrige drankrider út Aldehaske hat freed in plysjeman fan it biketeam fan It Hearrenfean oanriden. De plysjeman en in kollega woene de automobilist oanhâlde, mar dy ried op de plysjes yn.

De plysjeman dy't oanriden waard rekke ferwûne oan de knibbel, syn kollega koe krekt op tiid fuortspringe. De drankrider is letter oanhâlden. Syn rydbewiis is yn beslach nommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)