Fytser swier ferwûne

In 31-jierrige fytser út Ljouwert is freedtejûn swierferwûne rekke by in oanriding op de Heliconwei. Hy waard oanriden troch in drankrider (36) út Bitgummole. De drankrider stoppe en tsjûgen wiisden him op it slachtoffer.
De automobilist naaide doe earst út, mar melde him letter sels by it plysjeburo. Syn rydbewiis is ynnaam en de auto yn beslach naam. De fytser rekke troch it ûngelok út de tiid en is nei it sikehûs brocht. Hy is bûten libbensgefaar.