Wenning Ljouwert útbaarnd
In wenning oan de Spoarstrjitte yn Ljouwert is sneontemoarn útbaarnd. Twa katten ha de brân net oerlibbe. Fan de bewenners rekke net ien ferwûne. De wenning waard ferboud.
De plysje slút brânstichting net út. It fjoer is begûn yn in bulte rommel yn in keamer. Tsjûgen seagen flak foardat de brân útbruts in ûnbekende man hurd fuortdraven