Undúdlikens betrouwen bestjoer

26 feb 2011 - 09:15

Flak foar de steateferkiezings fan 2 maart kinne de measte Friezen net dúdlik sizze oft sy betrouwen hawwe yn de provinsje. Op de fraach oft sy wol of gjin betrouwen hawwe yn it provinsjaal bestjoer seit 55 prosint gjin ja, mar ek gjin nee.

Dat is de opfallendste útkomst fan in enkête fan RegioNoordPanel yn opdracht fan Omrop Fryslân en de Leeuwarder Courant. Dêrneist sjogge de minsken neat yn Fryslân as kulturele haadstêd en moat Fryslân selsstannich bliuwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)