Ferlies Flyers yn eigen hûs

25 feb 2011 - 22:27

De A6.NL Flyers binne striemin begûn oan de play-offs om it kampioenskip fan Nederlân. Op it eigen Thialf-iis ferlear de nûmer trije (53 punten) mei 3-0 fan Geleen. Geleen, as sechsde einige mei 36 punten, wûn de earste perioade mei 1-0. De twadde perioade gong mei 2-0 nei de ploech út Limboarch. Yn de tredde perioade, mei in protte straffen foar de Flyers, waard net mear skoard.

Snein is de twadde wedstriid. By ferlies yn Geleen lizze de Flyers derút.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)