Lintsje foar skiedsrjochter
Pieter de Boer fan Drachten is freedtejûn beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau. De Boer (66) is dit jier 40 jier aktyf as fuotbalskiedsrjochter. Ek hat er ferskate bestjoersfunksjes hân, yn de sport mar ek by de protestantse gemeente yn Drachten.
De Boer krige syn lintsje útrikt troch loko-boargemaster Ties Zweers fan Smellingerlân.