Wapene oerfal yn Snits

25 feb 2011 - 19:27

De plysje ûndersiket in wapene oerfal freedtemoarn yn Snits. Om in oere as acht kamen trije manlju in hûs oan de Rode Klaver yn. Se bedrigen dêr de bewenner (28) mei in mes en in fjoerwapen en easken jild.

Neidat de bewenner it jild jûn hie wist er yn syn pyama fuort te kommen. Doe't er in pear oeren letter wer nei hûs doarde wiene de oerfallers fuort. De plysje is no op syk nei har. Alle trije wiene klaaid yn donkere klean en hiene in mûtse op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)